
Vitrines fol mei lytse keunstwurken.
Ofrûne wykein ha ik myn atelier flink oprûme – dat wie hurd nedich nei alle simmeraktiviteiten. No hearsket der wer rêst, reinens en regelmaat, en dat jout romte om te wurkjen oan in pear grutte doeken dêr’t ik folle enerzjy yn stopje.
Derneist ha ik de vitrines opnij ynrjochte. Dêr fine jo no in seleksje fan lytsere wurken, wêrûnder in pear keunstwurken dy’t ik yn Amearika makke haw. Sa ûntstiet in moaie miks fan grutte gebaren op doek en intime details yn de vitrines.
Kom it sels belibje tidens de Open Atelierdagen op 11, 12, 13, 14, 18, 19, 20 en 21 desimber, deistich fan 13.00–17.00 oere.
Atelieradres: Groningerstraatweg 354 yn Ljouwert